国际贸易中心执行主任:寻求关税豁免无助解决多边贸易问题

It meast br?kte loftskip yn de skiednis.
De Graf Zeppelin (Greve Zeppelin) wie in grutte seppelin, neamd nei de man dy't de seppelins ?ntwikkele hat, greve Ferdinand von Zeppelin.
De Graf Zeppelin, koade LZ-127, wie 236,6 meter lang, en hie in folume fan 105,000 m3. Doe't er 18 septimber 1928 foar it earst fleach wie er de grutste seppelin dy't ea boud wie.
Eins wie de Graf Zeppelin in proef- en demonstraasjemodel, mar hy waard ek br?kt foar passazjier- en postferfier. Hy makke ferskate tochten yn Jeropa, mar ek langere tochten. Yn oktober 1928 gie er op in fiere tocht oer de Atlantyske Oseaan, nei Lakehurst, Nij Jersey yn de Feriene Steaten fan Amearika. Fan 8 augustus oant 29 augustus 1929 make de Graf Zeppelin in tocht om de wrald. Ek yn 1930 makke de Graf Zeppelin in fiere tocht, dizze kear nei Súd-Amearika. Yn 1931 waard de dream fan Ferdinand von Zeppelin útfierd: Der waard in ?ndersykstocht nei it Noardpoalgebiet makke. Al nei it súkses fan de tocht nei Súd-Amearika waard besletten in fêste transatlantyske seppelin-ferbining op te setten. Oant en mei 1936 waard dy flein mei hieltiid grutter wurdend sukses.
Oarspronklik soe der ek in LZ-128 boud wurde, mar nei it ?ngemak mei de Britske seppelin R-101 waard it projekt stillein. Yn stee fan mear seppelins nei it ?ntwerp fan de Graf Zeppelin, kaam der in nij ?ntwerp dat feiliger wêze moast. De Hindenburg wie de earste seppelin nei dat nije ?ntwerp.
Nei it ?ngemak mei de Hindenburg yn 1937 waard ek de Graf Zeppelin b?ten tsjinst steld, en yn in museum feroare. Yn maart 1940 waard er ?fbrutsen sa't it aluminium br?kt wurde koe foar de oarlochsyndustry.